Omrop Fryslân maakt verhalen die informeren, inspireren en amuseren. Daarmee verbindt en verrijkt de Omrop iedereen die zich met Fryslân verbonden voelt.
Omrop Fryslân zoekt een:
Medewerker Finance & Control
(voor gemiddeld 36 uur per week)
Oer Omrop Fryslân:
Omrop Fryslân is de regionale publike omrop fan Fryslân. Alle dagen bringe wy nijs, eftergrûnen, sport en ferdivedaasje foar ús publyk. Efter de skermen soarget in profesjonele organisaasje derfoar dat alles goed organisearre en finansjeel op oarder is. It team Finance & Control spilet dêrby in wichtige rol.
Foar dat team sykje wy in meiwurker Finance & Control mei in breed administratyf profyl. In kollega dy’t graach soarget foar oersjoch, krektens en in betroubere administraasje en dy’t it moai fynt om op ferskillende finansjele en administrative terreinen in bydrage te leverjen.
Oer de funksje:
Do hast in brede finansjeel-administrative en stypjende rol binnen de organisaasje. Yn gearwurking mei dyn kollega’s soargest derfoar dat finansjele prosessen soepel, korrekt en op ‘e tiid ferrinne. Do wurkest mei ferskillende systemen, ûnderhâldst kontakten mei kollega’s en eksterne partijen en leverest in wichtige bydrage oan in stabile en betroubere administraasje. Dêrneist stipest by ferskate weromkommende finansjele, systeemtechnyske en administrative prosessen.
Wat wurde dyn taken?
- Do ferwurkest finansjele en administrative gegevens yn systemen lykas Exact, Synergy en ferlykbere applikaasjes;
- Do soargest foar in soarchfâldige administraasje fan kontrakten, deklaraasjes en oare stypjende prosessen;
- Do behearst finansjeel-administrative mailboksen en hannelest fragen en korrespondinsje ôf;
- Do stipest by krediteure- en debiteurebehear; Do bist mei ferantwurdelik foar de kontrôle en it ferwurkjen fan de leanen;
- Do stipest by fakturaasjeprosessen, lisinsje-administraasje en oare weromkommende finansjele wurksumheden;
- Do stipest by moanne- en jierôfslutingen, rapportaazjes en de tarieding fan de jierrekken;
- Do soargest derfoar dat finansjele mutaasjes krekt, folslein en op ‘e tiidferwurke wurde;
- Do sinjalearrest ôfwikingen, ûnfolsleinheden of ferbetterkânsen yn prosessen en stimst dy ôf mei kollega’s en de Manager Finance & Control;
- Do helpst mei oan it aktueel hâlden fan wurkwizen, dokumintaasje en prosesôfspraken;
- Do tinkst mei oer it ferbetterjen en optimalisearjen fan finansjele en administrative prosessen.
Wat freegje wy fan dy?
- In relevante oplieding en mbû+/hbû wurk- en tinknivo;
- Underfining mei finansjele administraasje en administrative prosessen;
- Underfining mei finansjele systemen, by foarkar Exact, Synergy of ferlykbere applikaasjes;
- Do hast ûnderfining mei Excel en kinst goed wurkje mei Microsoft Office-tapassingen;
- Affiniteit mei systeembehear en digitale wurkprosessen en fynst it leuk om systemen te trochgrûnje;
- Kennis fan en ûnderfining mei leanadministraasje, yn besit fan PDL, of bist ree om dy te beheljen;
- In sekuere en strukturearre wurkwize;
- In grut gefoel foar ferantwurdlikheid en kwaliteit;
- In fleksibele en praktyske ynstelling;
- Goed gearwurkje kinne;
- In pro-aktive hâlding en de wil om troch te ûntwikkeljen; Do praatst en skriuwst Frysk, of bist ree om dat te learen.
Wat biede wy?
- In noflike wurkomjouwing mei belutsen en profesjonele kollega’s;
- In ôfwikseljende funksje mei in breed finansjeel-administratyf takepakket;
- Romte om mei te tinken oer prosesferbetteringen en digitalisearring;
- Ferskate mooglikheden foar oplieding, wêrûnder kursussen Frysk en profesjonele ûntwikkeling;
- In lean yn skaal G fan de ‘cao voor het Omroeppersoneel’ (minimaal €3.449,57 en maksimaal € 5.056,94 smoarch yn ‘e moanne by in folslein tsjinstferbân), ôfhinklik fan kennis en ûnderfining; In arbeidsoerienkomst foar ien jier mei útsjoch op in fêst tsjinstferbân.
Fragen:
Hast fragen oer de funksje? Nim dan kontakt mei ús op fia ús HR-ôfdieling: [email protected]. Sy soargje dat dyn fraach beäntwurde wurdt.
Reagearje:
Bist entûsjast wurden? Wês wolkom by Omrop Fryslân en fiel dy frij om te sollisitearjen. By Omrop Fryslân wolle wy in ôfspegeling fan de mienskip wêze, yn ús berjochtjouwing en yn ús personielsbestân. Reagearje kin oant en mei 16 augustus 2026. De petearen sille plak fine op moandeitemiddei 24 augustus 2026.
Dyn reaksje kinst maile nei Ilse Gielstra, HR-Adviseur fia [email protected]. In assessment kin diel útmeitsje fan de proseduere.
De fakatuere is sawol yntern as ekstern útset. By gelikense geskiktens giet de foarkar út nei in ynterne kandidaat. Akwisysje nei oanlieding fan dizze fakatuere wurdt net op priis steld.
Salaris: €3.449,57 - €5.056,94 per maand
Arbeidsvoorwaarden:
Werklocatie: Fysiek